Evenementen


Bêste minsken,

Sûnt desimber 2011 binne wy de behearders fan it tsjerkje fan Swichum. Mei in protte plesier ha wy dêr sûnt dy tiid op past en in protte aktiviteiten organisearre. Mar oan alles komt in ein, wy ha oanjûn dat wy der mei ophâlde woene, dus dat it tiid wie in opfolger/ster te sykjen. Dat is slagge: De Stichting Alde Fryske Tsjerken hat Hannie Schuurman út Wurdum ree fûn it stokje oer te nimmen mei yngong fan 1 april oansteande. Wy sille it misse, al dy gesellige minsken dy’t foarby kamen, al dy moaie trouwerijen, de útfearten, de lêzingen, it joech in protte ferbining. Wy hoopje wol dat wy noch wat organisearje kinne yn it foarjier, dat soe ús tiid moaier ôfslúte. Wy hoopje dat Hannie like folle plesier krije sil yn it behearen fan it tsjerkje as dat wy dat hân hawwe en dat se der, krekt as ús, in protte energy fan krijt. Wy winskje har in moaie tiid ta. Wa wit nochris oant sjen yn Swichum,

Hertlike groeten en tank foar alles,

Jan en Sietske Smidstra
Nieuw: Pelgrims kunnen overnachten in het Kerkje van Swichum
Pelgrims die wandelend of op de fiets door Friesland trekken kunnen de nacht in onze kerk doorbrengen.
Lees hier meer over het unieke Refugio-project en pelgrimsroutes in Friesland.
slapen