KRYST-YN……….YN SWICHUM!

Op freed 22 desimber hâlde wy yn Swichum in Kryst-yn.

Fanôf middeis fiif ûre is elts wolkom yn de Nikolaestsjerke. De Glühwein stiet dan klear, krekt as kofje en thé.

Underwilens sil it koar “De Hellingbazen” út Feanwâlden optredens fersoargje mei harren (winter/kryst)-repertoire.

En… der stiet in gesellich krystbuffet klear .

It kin net oars of it wurdt in hiele sfearfolle jûn.

De yntree is € 17,50. ( ynkl.hapjesbuffet mei sop).

Omdat wy graach witte wolle op hoefolle minsken wy rekkenje kinne, dit kear graach yn it foar  reservearje, dat kin via www.kerkjevanswichum.nl of telefoanysk 06-37383408 (Jan).

In prachtich begin fan de krystfakânsje en de krystdagen!

Oant sjen yn Swichum!

 

Kaart wordt geladen...

Datum/Tijd
vrijdag 22 december 2017
17:00 - 21:00 uur.

Locatie
Kerkje van Swichum
Ayttadyk 3
Swichum

Reserveren
Als er nog plaatsen vrij zijn vindt je hieronder een reserveringsformulier. Na invullen en versturen ontvang je een bevestiging.


Reserverings-formulier

€17,50